Njord

Baldrs Draumar

Compositor: Não Disponível

Oantaast yn ús libben
Wolle frjemden harren God oan ús optwinge
‘Hy’ libbet yn boeken en stien
Mar oer ús wetters, dêr hearsket mar ien

De see sil jaan en de see sil ek nimme
Wyn yn de silen, in nij Fryslân begjinne
Gjin stoarm of weagen kinne ús noch wjerhâlde
Om de Fries yn ús en ús goaden te behâlden
Wêr’t de wyn ús ek bringt wy binne frij
En Njord fart mei ús mei

Jormungandr swimt ûnder ús mei
Oer de rêch fan syn skym farre wy
Thuner syn tongerjen, it klinkt rûnom
En Njord syn stim foar eare en rom

©2003- 2024 lyrics.com.br · Aviso Legal · Política de Privacidade · Fale Conosco desenvolvido por Studio Sol Comunicação Digital